Carien Kleibeuker wint 5 km

02 nov 2014 - 13:18

De nasjonale titel op de 5 kilometer by it NK ôfstannen gong snein nei Carien Kleibeuker, dy't in winnende tiid fan 7.00,67 klokte. It sulver wie foar Carlijn Achtereekte, dy't de klok stil sette op 7.02,45. Jorien Voorhuis makke it poadium kompleet mei har tiid fan 7.03,54.

Yvonne Nauta is der snein op de slotdei fan it NK ôfstannen yn Thialf net yn slagge in poadiumplak te pakken op de 5 kilometer. De rydster fan Twellingea einige mar har tiid fan 7.03,60 op it fjirde plak. De rit gong poerbêst, mar yn de slotronde liet Nauta it lizze.

Rixt Meijer fan It Hearrenfean einige mei in nij persoanlik rekôr fan 7.05,87 op it sechsde plak. Antoinette de Jong fan Rottum folge op it sânde plak mei 7.05,95, ek in persoanlik rekôr foar de Rottumse.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)