Lintsje foar Harm de Roo

Lintsje © ANP
Harm de Roo fan Ousternijegea hat sneon in keninklike ûnderskieding krigen. Dat barde by in konsert fan muzykferiening Excelsior yn de tsjerke fan Sint-Jânsgea. De 54-jierrige
De Roo is dit jier 40 jier muzikant by Excelsior en 25 jier lang siet er ek yn it bestjoer.
Dêrneist hat De Roo ek in soad oar frijwilligerswurk dien, hy sette him yn foar it doarpshûs fan Ousterhaule en de begraffenisferiening fan Aldeouwer en wie er ien fan de inisjatyfnimmers fan it iepenloftspul 'It Ouster Trijegea'.
Mei syn frou foarmet hy in pleechgesin foar Jeugdsoarch Fryslân en is hy mantelsoarger foar syn mem. Boargemaster Arie Aalberts hat him de ûnderskieding opspjelde.