Snitser ferwûne by botsing
Yn Snits is in 35-jierrige man út dat plak sneontemiddei oan de holle ferwûne rekke op de Graaf Adolfstrjitte. Hy ried op de brommer en rekke troch ûnbekende reden de macht oer it stjoer kwyt en botste tsjin in lantearnepeal. Troch de klap wie er eefkes út de tiid. Hy is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.