Frou rêden fan ferstikkingsdea

02 nov 2014 - 11:01

Yn Bakkefean ha plysjeminsken sneontejûn in 37-jierrige frou fan de ferstikkingsdea rêden. Se wiene foar in bemiddelingspetear nei har hûs oan de Boskamp stjoerd. Doe't se oanbellen, die net ien iepen. Wol seagen se de frou op de bank lizzen. Se koene har op gjin inkele wize wekker krije, mar seagen wol dat der in panne op it fjoer stie en dat dy hieltyd mear begûn te rikjen. De plysjeminsken hawwe doe in rút yntrape en koene sa nei binnen komme. Mei in soad muoite koene se de frou wekker krije. Se is ûndersocht troch ambulânsepersoniel.

Trefwurden: 
plysje Bakkefean ferstikking
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)