Winst Flyers yn Eindhoven

De UNIS Flyers ha de lêste reguliere bekerwedstriid yn en tsjin Eindhoven mei 5-2 wûn. De perioadestannen 0-2, 0-2, 2-1. De skutters oan Feanster kant wiene Marco Postma, Mitch Bruijsten (2), Travis Bobbee en Marcel Kars. De Flyers hiene al in 5-0 foarsprong doe't Eindhoven noch wat werom die. Yn de heale finale fan de bekerkompetysje wurdt it Belgyske Herentals of Geleen de tsjinstanner.