Sneue nederlaach Hearrenfean

01 nov 2014 - 22:31

Hearrenfean hat yn Enschede mei 2-0 ferlern fan FC Twente. Nei in saaie earste helte, kaam Twente yn de 67e minút op 1-0 troch in kopgoal fan Bengtsson. Fiif minuten waard it ek al 2-0 trochdat Mothar in ôffâllende bal der yn skeat.

De wedstriid wie foar de neutrale taskôger net leuk om te sjen. Hearrenfean hie lykwols wol kontrôle oer de wedstriid en hie wol in punt fertsjinne. Hearrenfean wie oanfallend net by machte om echt gefaarlik te wurden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)