Rixt Meijer wint maraton

01 nov 2014 - 22:31

Rixt Meijer hat yn Utrecht de tredde maraton fan it seizoen wûn. Middeis hie de ynwenster fan It Hearrenfean mei in tsiende plak noch in persoanlik rekôr riden op de 3 km by it NK ôfstannen. Yn Utrecht naam Meijer mei Lisa van der Geest (Warmond), 13 op de 3 km by it NK, in rûntsje foarsprong op it peloton.

De finale tusken de twa yn de lêste fiif rûntsjes duorre lang. Yn de lêste 200 meter wie it ien en al fjoer. Rixt Meijer smiet de binnenbocht ticht en wûn mei oermacht. Snein wachtet de 5 km op it NK yn Thialf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)