Maklike winst follybal Snits

01 nov 2014 - 22:15
  • De follybalfroulju fan Snits

De follybalfroulju fan Snits hiene it yn de Snitser sporthal net al te dreech tsjin nûmer lêst Weert. De thúsploech, winner fan de supercup, hie in oere wurk om de 3-0 winst binnen te heljen. De setstannen: 25-16, 25-21 en 25-13. De froulju fan trainster Petra Groenland stean op in dield twadde plak yn de earedivyzje. Lânskampioen Alterno is koprinner mei 15 út 5. Snits en Peelpush ha ek 15 punten mar dan út seis wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)