Sven Kramer wint 1500 meter

01 nov 2014 - 17:53

Sven Kramer is sneon ferrassend Nederlânsk kampioen wurden op de 1500 meter op de NK ôfstannen yn Thialf mei in tiid fan 1.46,14. Twadde waard Koen Verweij en tredde waard Thomas Krol. Beide riders hienen deselde tiid, 1.46,47, mar Krol wie krekt in fraksje fan in sekonde stadiger.

It is nei de winst fan freed op de 5000 meter de twadde gouden plak foar Sven Kramer op dit toernoai. Mei syn nije coach Jac Orie wol er him mear talizze op de 1500 meter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)