Goud foar Margot Boer op 500 m

01 nov 2014 - 16:52

Margot Boer hat sneon har Nederlânske titel op de 500 meter prolongearre. Op it iis fan Thialf moast de Goaiïngarypster yn de lêste rit fan de twadde 500 meter de winst litte oan Thijsje Oenema, dy't in winnende tiid klokte fan 38,37. De tiid fan Boer (38,39) wie lykwols goed genôch foar de einoerwinning op de sprintôfstân.

It sulver gong nei Oenema, it brûns wie foar Bo van der Werff út Grins, dy't lykas op de earste 500 meter op 'e nij tredde waard.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)