ONS pakt punt by Barendrecht

ONS Boso Snits pakte sneon in 2-2 lykspul by Barendrecht. Op sportpark De Bongerd sette Martijn Roosenburg ONS al betiid op foarsprong. Nei in kertier spyljen soarge de thúsploech foar de lykmakker. Yn de 38e minút werstelde Curty Gonzales de foarsprong foar de Snitsers: 1-2.
Nei rêst kaam Barendrecht yn de 64e minút wer op likense hichte. Yn in spannende slotfaze wie Jacob Noordmans ticht by de winst, mar syn skot gong krekt njonken. In knappe rêding fan keeper Ivan Landlust foarkaam oan de oare kant de winnende treffer foar Barendrecht.