Auto rekket tusken wâl en skip

Yn Harns hat in frou sneontemiddei de skrik fan har libben krigen, doe't se mei har auto op in steger fan de Noarderhaven bedarre. Se soe remje, mar fersinde har en trape op it gaspedaal. Se skeat oer de râne fan de Noarderhaven hinne en kaam op de sydkant op de steger telâne. Dêr kaam de auto klem te sitten. Allinnich it rjochter foar- en eftertsjil rekken de kant noch.
De frou rekke net ferwûne en koe sels út de auto komme.