Minder besikers foar BB-bunker

It ynterieur fan de bunker fan Grou © Omrop Fryslân, Alle Faber
De âlde BB-bunker yn Grou wie sneon wer iepen foar publyk. Sa'n 200 belangstellenden kamen der op ôf. Yn septimber wie de bunker ek te besjen en doe kamen der wol 700 minsken en ûntstiene lange wachttiden. De besikers koene yn groepkes ûnder lieding fan in gids de bunker yn.
De BB-bunker wie yn de tiid fan de kâlde oarloch it kommandosintrum foar it Fryske bestjoer, as der in atoomoanfal wêze soe. Yn april is de bunker oerdroegen oan groep frijwilligers dy't de bunker opknappe. Yn april 2015 is wer in iepen dei.