Harkemase Boys thús ûnderút

Harkemase Boys ferlear sneon mei 2-1 fan SVZW. Op sportpark De Bosk foarkaam Robin Huisman de Jong nei 8 minuten de iepeningstreffer fan SVZW troch de bal foar de line te kearen. Ek keeper Erick Jansema moast twa kear rêding bringe nei gefaarlike kopballen. Yn de 31e minút wie it al rekke foar de gasten út Wierden.
Nei rêst profitearre SVZW fan in flater yn de Harkemase ferdigening en ferromme de foarsprong. Ynfaller Gersinio Constansia soarge mei noch 7 minuten op 'e klok foar de oanslutingstreffer. Mar fierder kamen de Harkiten net.