Aqua Zoo hat ek woestynfoksen

28 feb 2012 - 15:10

Aqua Zoo by Ljouwert hat der tiisdei in nije diersoarte by krige: de fennek. Dat in soart woestynfoks. De lytste fan de foksefamylje hat wol de grutste earen. Tiisdeitemoarn setten in mantsje en in wyfke de earste stappen yn Aqua Zoo

De fenneks komme foar yn toarre gebieten yn noardlik Afrika. Troch de grutte earen ferlieze se in soad waarmte. Om't it sa hjit is, sliepe se oerdeis yn hoalen. Aqua Zoo hat harren oarspronklike dei-nachtritme omdraaid. Nachts giet it ljocht oan sadat se sliepe. No binne se oerdeis aktyf te sjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)