Lintsje foar Henk IJtsma

01 nov 2014 - 15:34

Henk IJtsma fan Bûtenpost is by syn ôfskie as foarsitter fan de Nederlânske feriening fan somaterapeuten beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Hy krige it lintsje sneon opspjelde troch boargemaster Gerben Gerbrandy fan Achtkarspelen. Dat wie yn Ermelo by de algemiene ledegearkomste fan de feriening.

De 70-jierrige IJtsma hat him jierrenlang ynset foar it wurk fan somaterapeuten. Dy hâlde har dwaande mei op gewrichten en wervels rjochte terapyen. Hy fersoarge opliedingen en wie mei-oprjochter fan de feriening fan somaterapeuten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)