Boer wint earste 500 meter

Margot Boer © awfoto.nl
Margot Boer fan Goaiïngaryp hat sneon de earste 500 meter by it NK ôfstannen yn Thialf wûn. De rydster fan team Continu sette in winnende tiid fan 38,31 op it boerd. Dêrmei bleau se ploechgenoate Thijsje Oenema fan De Joure mei 0,21 sekonden krekt foar. It tredde plak wie foar Bo van der Werff út Grins, dy't de klok stil sette op 38,84.
De froulju meitsje har no klear foar de 3 kilometer. Dêrnei stiet de twadde 500 meter op it programma.