Zwart yn EK kuorbalfinale

01 nov 2014 - 14:27
  • Erwin Zwart

Kuorballer Erwin Zwart hat mei it Nederlânsk kuorbalteam de finale fan it EK kuorbaljen berikt. Yn it Portugeeske Maia wie Oranje freed mei 41-11 te sterk foar gastlân Portugal. By rêst stie der al in komfortabele 22-7 foarsprong foar de Nederlanners op it boerd.

De EK-finale giet snein tusken Nederlân en België. De Belgen wûnen freed mei 26-11 fan Ingelân en pleatsten har dêrmei ek foar de einstriid. De wedstriid start om 18.00 oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)