Winst froulju Drachtster Boys

01 nov 2014 - 14:04

De sealfuotbalfroulju fan Drachtster Boys pakten freed in swierbefochten 3-2 oerwinning op Drs. Vijfje. Yn Grins foelen alle fiif de treffers pas yn de twadde helte. Drs. Vijfje iepene de skoare nei rêst, wêrnei't de thúsploech de marzje ferromme nei 2-0. Yn de lêste 7 minuten wisten de froulju út Drachten de efterstân lykwols om te bûgen yn in 3-2 oerwinning.

Troch de winst stiet Drachtster Boys no op it earste plak yn de earedivyzje frouljusfuotbal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)