Film meitsje yn 48 oeren

It 48 Hour Film Project is freedtejûn yn filmhûs Slieker yn Ljouwert begûn. Filmmakkers út it hiele lân krigen de opdracht om yn 48 oeren tiid in koarte film te meitsjen. Yn twa dagen tiid moatte de 26 ploegen in skript betinke, útfiere, filmje en montearje en fansels de film op 'e tiid ynleverje.
De filmploegen krigen pas op it alderlêste momint te hearren watfoar sjenre oft har film wêze moat. Sneintejûn foar 19.00 oere moatte de films ynlevere wurde. Takom wike binne de films op it Noordelijk Film Festival yn Ljouwert te sjen.