Rampe-oefening Nij Smellinghe

Rampe-oefening yn Nij Smellinghe
Yn sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten is sneontemoarn in grutte rampe-oefening hâlden. Doel fan de oefening wie om te sjen oft it sikehûs klear is foar helpferliening by in grut ûngelok op de sneldyk by it plak. Tsientallen sabeare slachtoffers binne binnenbrocht en moasten opfongen wurde op de earste help. Neffens it sikehûs is de rampe-oefening goed ferrûn.