Jubileum foar Waadrace

De Waadrace wurdt dit wykein foar de tweintichste kear hâlden. De race mei tradisjonele skippen giet fan Harns nei Den Oever, Teksel, Flylân en Skylge en dêrnei wer werom nei Harns. De trettjin skippen dy't meidogge, hawwe twa dagen om oer de race te dwaan en meie sels de rûte bepale. Ien skip hat oan alle tweintich edysjes meidien.
De ferwachting is dat de earste skippen sneontenacht om in oere as ien wer yn Harns wêze sille. Dat soe gjin rekôr wêze. Alle skippen hawwe ek passazjiers mei oan board.