Gearwurking gemeenten

De gemeenten Dongeradiel, Dantumadiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân hawwe freed in oerienkomst tekene om ta ien amtlike organisaasje te kommen. In histoarysk momint, sa fynt deputearre Tineke Schokker. Mei it tekenjen fan de oerienkomst moatte de gemeenten yn 'e takomst fierder yn mekoar skowe. De gemeenten dogge dit om't se yn 2015 mear taken útfiere moatte. Foaral op it gebiet fan soarch en wolwêzen freget dit om gearwurking om't de gemeenten te lyts binne om dit allinnich te dwaan.