Smeekens kampioen 500 meter

31 okt 2014 - 18:09

Reedrider Jan Smeekens hat freed by de NK ôfstannen yn Thialf de 500 meter wûn. De sprinter fan it nije team LottoNL Jumbo wist de ôfstân beide kearen te winnen. Hy fersloech olympysk kampioen Michel Mulder yn syn lêste rit. Mulder waard twadde, Pim Schipper tredde. Jesper Hospes fan It Hearrenfean kaam der net oan en wie teloarsteld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)