Minder Fryske skoalferlitters

31 okt 2014 - 16:51
  • Súdwest-Fryslân hat it minste oantal skoalferlitters fan Nederlân

It oantal jongeren yn Noard-Fryslân dat te betiid fan skoalle giet is nei ûnderen gien. Yn it skoaljier 2012-2013 gie it om 388 bern. In jier earder wiene dat der noch 633. Dat is hast 40 persint minder. Dat docht bliken út sifers fan it ministearje fan ûnderwiis.

De gemeenten yn de regio binne bliid mei it weromrinnende oantal jongeren dat de skoalle ferlit sûnder dat se in diploma ha. Mei in diploma is de kâns dat se in baan fine folle grutter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)