Bêden NHL nei ebolagebiet

31 okt 2014 - 16:37

De oplieding ferpleechkunde fan de NHL yn Ljouwert hat acht sikehûsbêden donearre oan de Lion Heart Foundation, in stichting dy't him yn Sierra Leöane ynset foar de striid tsjin ebola. It giet om âlde bêden fan it Skills-Lab dy't freed ferfongen binne. Studinten krije praktykles yn it Skills-Lab.

De bêden wurde mei it marineskip Karel Doorman nei Afrika brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)