Traumaspesjalist by maraton

31 okt 2014 - 15:37
  • Op 29 oktober is de KPN Maraton Cup yn Ljouwert

By eltse maratonreedrydwedstriid sil fan no ôf in medysk traumaspesialist oanwêzich wêze. Dy moat gau earste help ferliene kinne by ûngelokken op it iis. Dat seit direkteur Arie Koops fan de KNSB. It reedridersbûn reagearret mei de maatregel op de slimme ûngelokken de lêste wiken by it maratonreedriden.

Sneon sil de traumaspesjalist foar it earst ynset wurde by de maraton yn Utert. Der komt ek in ûndersyk nei wat de KNSB, de teams en de reedriders sels dwaan kinne om de feiligens te fergrutsjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)