Smeekens wint earste 500 meter

© ANP
Jan Smeekens út Snits hat freed de earste 500 meter op de NK ôfstannen wûn. Smeekens hie 35,02 sekonden nedich op it iis fan Thialf. Twadde wie Michel Mulder, dy't op It Hearrenfean wennet, yn 35.15. Hein Otterspeer stiet foarearst tredde mei 35.25. Feanster Jesper Hospes einige yn de earste wedstriid op it sânde plak yn 35.45, Sjoerd de Vries spile mei in tiid fan 36.40 gjin rol fan betsjutting.
Letter op de middei wurdt de twadde 500 meter noch riden.