Gjin wizigings by Hearrenfean

Dwight Lodeweges sil yn de opstelling fan SC Hearrenfean gjin wizigings tapasse foar de wedstriid fan sneon tsjin FC Twente. Dat betsjut dat oanfierder Marten de Roon op tiid wer fit is, nei't er yn it duel mei PEC Zwolle fan ôfrune snein blessearre rekke oan 'e hamstring.
Sam Larsson docht tsjin Twente noch net mei. Hy traint wol wer, mar SC Hearrenfean docht rêstich oan mei de Sweedske oanfaller, dy't al in skoft yn de sikeboech sit.
Hearrenfean giet sneon yn de Grolsch Veste op besite by Twente. Thús hawwe de Enschedeërs noch net ferlern dit seizoen. Trije fan de fiif kompetysjewedstriden yn de Grolsch Veste einigen yn in lykspul. Twente stiet op it achtste plak yn de earedivyzje mei ien punt minder as Hearrenfean.