"99,9% fan Frysk bliuwt gelyk"

31 okt 2014 - 14:31

De foarstelde Fryske staveringsoanpassing sil it wurdbyld fan it Frysk foar 99,93% yntakt litte. Dy yndikaasje jout de Fryske Akademy op basis fan berekkeningen fan de wurdfrekwinsje. De akademy krige yn 2011 de opdracht fan de provinsje Fryslân foar it ûntwikkeljen fan in nije wurdlist. Yn dy list steane de foarkarsfoarmen foar it skreaune Frysk.

Ek ûntwikkele de akademy in nije online staveringshifker, in wurdboekportaal en in automatyske oersethelp.

As Provinsjale Steaten ein dit jier in posityf beslút oer it pakket nimme, sil it begjin takom jier op de webside Taalweb Frysk beskikber komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)