Ton Baas waarnimmer yn Drinte

31 okt 2014 - 14:20

Ald-boargemaster Ton Baas fan Boarnsterhim wurdt waarnimmer yn de gemeente Midden-Drenthe. Dat hat de kommissaris fan de kening yn Drinte, Jacques Tichelaar, bekendmakke. Baas folget Jan Broertjes op, dy't tongersdeitejûn de ried meidielde dat er net wer beneamd wurde wol. Hy rekke yn opspraak troch in kritysk rapport oer it sosjale belied yn Midden-Drenthe.

De 68-jierrige Baas wie foardat er yn Boarnsterhim boargemaster wie wurksum as waarnimmer yn Dongeradiel en Opsterlân. Dêrfoar wie er deputearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)