Fertochten berôvings noch fêst

De fyts dêr't de plysje mear fan witte wol © Plysje
De twa fertochten fan de strjitrôven yn en om It Hearrenfean bliuwe foarearst fêst sitten. Dat hat de rjochter-kommissaris yn Ljouwert besletten. De mannen fan 17 en 18 jier wurde noch 14 dagen fêsthâlden. Sa krijt de plysje mear tiid foar it ûndersyk nei de strjitrôven. Dy wiene fan 27 juny oant 6 oktober en derby waard in soad geweld brûkt.
It Iepenbier Ministearje giet derfan út dat der mear strafbere saken oan it ljocht komme. Oare oanhâldings wurde net útsletten.