Takom wike sloop Nij Bethanië

31 okt 2014 - 13:41
  • Nij Bethanië yn Tsjummearum

Nije wike wurdt begûn mei de sloop fan it âlde part fan soarchsintrum Nij Bethanië yn Tsjummearum. De bewenners binne yntusken ferhuze nei harren tydlike ûnderkommen op it terrein. It soarchsintrum krijt nije lytsskalige wenten en apparteminten.

Yn it nije gebou komme ek de beide basisskoallen út it doarp. Mei-inoar foarmje se it multyfunksjoneel sintrum fan Tsjummearum, mei ien mienskiplike yngong. Op it terrein fan Nij Bethanië sil wenningkorporaasje Wonen Noordwest Friesland boppedat tolve twa-ûnder-ien-kap-wenningen bouwe.

Nei ferwachting is it hiele plan yn 2017 klear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)