"Belestingjild elegant inne"

31 okt 2014 - 12:38

De steatssekretaris moet in elegante wize fine om de ekstra neiheffing fan 2,5 miljard op te heljen by de belestingbetellers. En mocht de steatssekretaris net omlyk wolle, dan moat de Twadde Keamer him dêr op oantrune. Dit seit belestingadviseur Pier Eringa út Ljouwert.

It regear bepaalde al dat der yn 2014 mear belesting betelle wurde moast, mar guon belestingtabellen binne net op tiid oanpast. Dêrtroch krije sân miljoen minsken in neiheffing fan tusken de 300 en 700 euro.

Minsken dy't mear as 18.500 euro yn 't jier fertsjinje kinne de heffing ferwachtsje. Dit bedrach wurdt yn 2015 ferrekkene.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)