Learlingen wettersektor socht

© Omrop Fryslân
Drinkwetterbedriuw Vitens iepenet freed 14 novimber de doarren fan har laboratoarium yn Ljouwert. De iepen dei is bedoeld om learlingen fan de middelbere skoallen entûsjast te meitsjen foar in baan yn de wettertechnology. Op de nasjonale Lab Experience Day jouwe meardere laboratoaria yn it lân besikers in blik efter de skermen.
Vitens wol jongeren sjen litte wat it wurk yn de wettersektor krekt ynhâldt, sadat mear learlingen kieze foar in oplieding yn de wettersektor.
De doarren yn it Ljouwerter laboratorium gean om 18.30 oere iepen. De jongeren kinne sels oan de slach as analist, meie gastlessen folgje en krije ynformaasje oer de ferskate opliedings.