International nei UNIS Flyers

31 okt 2014 - 11:51
  • De Flyers wiene sneon folle sterker as Dordrecht

UNIS Flyers op It Hearrenfean hat him fersterke mei de Nederlânske international Mitch Bruijsten. De 25-jierige oanfaller spile it ôfrûne seizoen yn Noard-Amearika. Sa gau as it papierwurk yn oarder is, kin Bruijsten útkomme foar de UNIS Flyers. De iishockeyer gong al op jonge leeftyd nei Dútslan en letter Amearika en hat hast allinnich mar yn it bûtenlân spile.

Twa jier ferlyn hat Bruijsten ien seizoen ûnder kontrakt stien by de Eaters út Geleen.

De oanfaller is de broer fan Kevin Bruijsten, dy't it ôfrûne seizoen foar de UNIS Flyers útkaam. Hy spilet no yn Frankryk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)