Brêgen yn Snits krije namme

31 okt 2014 - 11:44
  • Dizze brêge yn Snits wurdt troch de bewenners 'Wonderbrêge' neamd

Alle brêgen yn it sintrum fan Snits krije ynkoarten in namme. De kommisje nammejouwing fan de gemeente siket dêrfoar de help fan de ynwenners fan Snits. Der binne mear as tweintich brêgen yn it sintrum dy't offisjeel noch gjin namme hawwe.

Ynwenners fan de stêd brûke faak wol nammen sa as de Grutte Pier's brêge en de Wonderbrêge, mar dizze nammen binne net fêstlein. De kommisje nammejouwing wol dêrom fan de ynwenners witte hoe't se de brêgen neame en wêrom. Doel is dat alle brêgen op termyn in nammebuordsje krije.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)