Man wol frou yn brân stekke
In man hat tongersdeitejûn yn Ljouwert drige in frou yn brân te stekken. Hy die dat op de Archipelwei. De frou fan 58 jier út Ljouwert fytste dêr doe't se de man om help roppen hearde. Se stapte fan har fyts ôf, wêrnei't de man op har ôf kaam. Hy bedrige har en naaide doe út mei har fyts. De man fytste fuort yn de rjochting fan de Vuurdoornstrjitte.
De man hat in donkere hûdskleur en is mooglik fan Afrikaanske ôfkomst. Hy is tusken de 1.90 en 2.00 meter lang, hat in gewoan postuer en hie donkere klean oan. De plysje siket tsjûgen.