Ynwenner Easterwâlde ferwûne

31 okt 2014 - 11:05

In 41-jierrige man út Easterwâlde is tongersdeitemiddei ferwûne rekke nei't er op de fyts yn botsing kaam mei in scootmobyl. De 79-jierrige bestjoerster fan de scootmobyl, dy't ek út Easterwâlde komt, koe de man net mear ûntwike doe't er samar ynienen de dyk oerstuts. Op de Grietmansleane kamen beide frontaal mei-inoar yn botsing.

De man rekke dêrby ferwûne oan syn skonk en is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De frou op de skootmobyl kaam mei de skrik frij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)