Kuorballer De Jong nei Grins

31 okt 2014 - 10:48

Kuorballer Jetze de Jong fan Aldegea Smellingerlân makket de oerstap fan DOS'46 yn Nijeveen nei Nic./Alfa-college yn Grins. De 19-jierrige Aldegeaster wie troch DOS op non-aktyf steld om't er mei in oare feriening yn ûnderhanneling wie. Hy kiest no foar in nije stap yn syn sportkarriêre. Ek syn suster Femke de Jong spilet by de grien-wite formaasje út Grins.

Jetze de Jong wûn it ôfrûne seizoen mei de A-junioaren fan DOS'46 de haadklassefinale yn Ahoy.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)