Museum krijt Oranjekolleksje

28 feb 2012 - 11:59

Museum Willem van Haren op It Hearrenfean hat in kolleksje foarwerpen mei it tema Oranje Nassau krige. It giet om printkaarten, printen, porslein, munten en lytsguod lykas leppeltsjes en spjeldsjes. De kolleksje wie eigendom fan in samler út Ljouwert.

It guod komt foar in part yn de fêste opstelling fan it museum ûnder de namme Kolleksje Bakker en De Graaf. Alles wurdt no beskreaun. Oer in jier is it klear en wurdt der in útstalling mei it materiaal makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)