Kolleksje skulpeboeken Tresoar

31 okt 2014 - 10:09

Tresoar yn Ljouwert hâldt fan 5 oant en mei 29 novimber in tentoanstelling wêryn't de folsleine kolleksje skulpeboeken te sjen is. Tresoar docht dit nei oanlieding fan it 80-jierrich bestean fan de lanlike skulpeferiening, de Nederlandse Malacologische Vereniging.

De feriening organisearret allerhanne aktiviteiten. Ien dêrfan is de aksje 'Breng je schelp'. Minsken kinne dan skulpen dy't se sels fûn ha sjen litte. Dit kin yn it Natuurmuseum Fryslân yn Ljouwert op 22 novimber. De tentoanstelling fan Tresoar slút hjir op oan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)