Ynbrekkers aktyf yn Snits

31 okt 2014 - 08:53

Ynbrekkers hawwe yn de nacht fan tongersdei op freed twa kear aktyf west yn Snits. In bewenner fan in wenning oan de Sylroede trapearre in ynbrekker dy't fia it wc rútsje binnen kaam wie. De dief wist út te naaien mei in laptop.

Ek oan de Emmastrjitte besochten ynbrekkers binnen te kommen. It slagge se lykwols net om de foardoar iepen te brekken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)