Strangere wenregels op Skier

De gemeente Skiermûntseach sil de regels foar permaninte bewenning op it eilân stranger hânhavenje. Ek sille der hûzen byboud wurde om de druk fan de wenningmerk ôf te heljen. Dat seit wethâlder Willem Meerdink nei oanlieding fan de hûzeproblematyk op it eilân.
De hûzeprizen op Skier binne sa heech dat eilânbewenners gjin hûs keapje kinne. Dat bestjut dat hieltyd mear hûzen leech stean. In grut part fan de wennings wurdt boppedat mar in pear wiken yn it jier bewenne troch bewenners fan fêste wâl. Dêr komme no dus strangere regels foar.
De leechstân hat grutte gefolgen foar it libben op it eilân. De basisskoalle rint stadichoan leech en ek de winkels sjogge de omset werom rinnen. Boppedat hawwe wurkjouwers op it eilân muoite om foar nij personiel in hûs te finen.
Tongersdeitejûn waard der in diskusjejûn holden foar de eilânbewenners. Dêr die bliken dat bewenners foarstanner binne fan strangere hânhaving op de 180 dagen-regeling foar de permaninte bewenning fan hûzen. Ek waard der pleite foar mear nijbou sadat de jongerein op it eilân wenjen bliuwe kin. Goed tachtich minsken kamen op de diskusjejûn ôf.
De gemeente Skiermûntseach komt yn febrewaris mei in útwurking fan de plannen om it hûzeprobleem oan te pakken.