"Spektakulêr reedrydseizoen"

31 okt 2014 - 06:45
  •  Reedrydcoach Jillert Anema

Reedrydcoach Jillert Anema ferwachtet in spektakulêr reedrydseizoen. Dat sei er tsjin de NOS. Anema foarseit dat der tige rappe tiden riden wurde sille. Dat komt neffens him benammen troch de nije materialen en trainingen. Anema hopet op wrâldrekôrs, en ferwachtet fan syn eigen riders fan team Clafis benammen yn de twadde helte fan it seizoen it nedige fjoerwurk.

Freed start it nije reedrydseizoen mei it NK ôfstânnen yn Thialf. It NK set útein mei de 500 meter en 5 kilometer foar manlju en de 1500 meter foar froulju.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)