Beker: Heracles-SC Cambuur

31 okt 2014 - 01:38

SC Cambuur nimt it yn de achtste finale, de lêste sechstjin fan de KNVB beker, op tsjin Heracles Almelo. Dat wie de útkomst fan de lotting nei de wedstriid fan Roda JC-Sparta Rotterdam. De wedstriid wurdt spile mids desimber yn Almelo. Yn de kompetysje waard dizze wedstriid al spile. Op 22 augustus wûn Cambuur yn Almelo troch in goal fan Michiel Hemmen yn de ekstra tiid mei 1-0.

Trefwurden: 
fuotbal beker SC Cambuur
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)