Gjin priis plysjeteam Ljouwert

De plysje hâldt tasicht op it Saailân © Omrop Fryslân, Onno Falkena
Team Ljouwert fan de plysje Noard-Nederlân is der net yn slagge de titel Plysjeteam fan it Jier te pakken. De Ljouwerters wienen nominearre foar harren ynset by Serious Request. De titel gong lykwols nei team Oosterscheldebekken út Seelân.
Inisjatyfnimmer foar de priis is de Stichting Waardering Erkenning Politie (WEP). De stichting wol hjirmei sjen litte dat goed plysjewurk net altyd fanselssprekkend is. De oare kânshawwers wienen teams út Amsterdam, Rotterdam, Den Haach en de motorstipe fan de Landelijke Eenheid.