Stenden iepenet nij restaurant

30 okt 2014 - 21:07

Stenden Hegeskoalle iepenet freed it nije restaurant Wannee. Studinten fan de hoteloplieding fan de hegeskoalle sille it restaurant draaie. It restaurant waard ferneamd nei Cornelia Johanna Wannée, dy't rûn 1900 libbe. Sy wie learares oan de Amsterdamske húshâldskoalle en skreau in ferneamd itensiedersboek, dat noch altyd opnij drukt wurdt.

Restaurant Wannee is sân dagen yn de wike iepen en hat in menukaart dy't basearre is op de Nederlânske keuken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)