Soarchlike takomst bobslydzjen

30 okt 2014 - 19:58

Ald-bobslider Arend Glas makket him soargen oer de takomst fan it Nederlânske bobslydzjen. Dat meldt de NOS. Neffens Glas ûntbrekt it de Bob en Slee Bond Nederland oan fisy en struktuer. Sa't it no liket stiet der by de Olympyske Spelen yn Súd-Koreä 2018 gjin Oranje bobslydteam oan de start.

Glas hat in brânbrief skreaun, dêr't er yn pleitet foar bestjoerlike feroarings. Neffens him is der ûnder lieding fan foarsitter Frans Bakker gjin oandacht en begelieding foar jong talint. Ek NOC*NSF hat de jildkraan al tichtdraaid foar de bobbers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)