Feilichheidsles boulearlingen

30 okt 2014 - 19:40

Learlingen út it lêste jier fan de bou- en metaaloplieidings fan de ROC's yn Snits en Drachten krije ynkoarten lessen yn it herkennen fan ûnfeilige situaasjes op de wurkflier. Foar de tredde kear op rige organisearret CNV Vakmensen dizze gastlessen. Reden is dat der benammen mei jonge wurknimmers in soad ûngelokken en hast-ûngelokken gebeure.

Nij is dat de learlingen dit jier ek les krije yn hoe't se harsels as takomstich wurknimmer presintearje moatte by in sollisitaasjepetear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)